Film Wielepôlle yn premjêre

De reade loper fan it filmfestival
It Noordelijk Film Festival wol tegearre mei Omrop Fryslân mear films meitsje oer bewenners fan bysûndere wenwiken yn Fryslân. Freed gie de earste, 'Domwei gelokkich op de Wielenpôlle', yn premjêre. De film giet oer de bewenners fan it Ljouwerter folkswykje De Wielenpôlle.
De kommende jierren moatte in hiele rige fan sokke films makke wurdt. Beide inisjatyfnimmers moatte noch jild regelje om dat te beteljen.