Lykspul Cambuur yn Eindhoven

Cambuur helle ien punt út Eindhoven
SC Cambuur hat freedtejûn mei 3-3 lykspile yn en tsjin Eindhoven. De thúsploech kaam troch Kévin Diaz yn de earste helte op foarsprong, omdat de Ljouwerters doe net goed spilen. Yn de twadde helte in folle better Cambuur. Jurrick Juliana makke de lykmakker en Sandor van der Heide de 1-2. Van Brakel soarge foar de 2-2.
Diaz sette Eindhoven wer op foarsprong, mar yn de ekstra tiid kopte Mark de Vries de fertsjinne 3-3 binnen.