Bûtengebiet East'werf op rioel

Bûtengebiet Eaststellingwerf op rioel
It oansluten fan alle huzen yn it bûtengebiet op it rioel yn Eaststellingwerf is klear. It giet om hast 900 huzen. Der is fjouwer jier oan wurke. Om de riolearring goed wurkje te litten, moasten der ek goed 500 gemalen komme.
It oanlizzen fan de riolearring hat mear as 7,5 miljoen euro koste. Dat jild is byelkoar brocht troch de eigners fan de oanbelangjende huzen. Wetterskip Fryslân hat ek subsydzje jûn.