Man fûn dy't seppelin losliet

07 nov 2008 - 10:40

De plysje hat de man opspoard dy't yn septimber in seppelin fan de GGZ loslitten hat. De ballon wie in pear dagen poater. Yn in greide by Skearnegoutum is er weromfûn.

De plysje kaam de man op it spoar troch in tip fan in tsjûge. Dy hie sjoen dat de man mei in pear oaren de seppelin by it gebou fan de GGZ yn Ljouwert losmakke. De fertochte (39) sit yn de finzenis foar in oar fergryp. Hy hat bekend, mar seit dat er de seppelin allinne losmakke hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)