Filmhûs mooglik yn museum

07 nov 2008 - 09:51

It filmhûs yn Ljouwert komt mooglik dochs yn it nije Fries Museum oan it Saailân. Direkteur Cees van 't Veen fan it museum praat dêroer mei it filmhûs.

It filmhûs soe oarspronklik by it nije museum komme, mar luts him yn augustus werom om't de gemeente Ljouwert en de provinsje te min subsydzje joegen foar de ferhuzing. It is noch net bekend wannear't der mear dúdlikheid komt oer in mooglike ferhuzing fan it filmhûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)