Wenten op sportfjilden Oerterp

07 nov 2008 - 08:41
  • Op dit sportfjild...
  • wurde nije wenningen boud

De sportfjilden yn Oerterp krije in nij plak oan de noardeastkant fan it doarp. Op de romte dy't frijkomt, wurde hûndert wenningen boud. De gemeente Opsterlân hat dêroer mei de tennis-, kuorbal- en fuotbalferiening in prinsipe-oerienkomst sletten.

It plan kostet sa'n fjouwer miljoen euro. Neffens ferwachting wurdt yn 2010 op de nije sportfjilden spile. De huzen moatte yn 2014 klear wêze. De ried sil oer it plan te set op 18 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)