Wer ûnrêst yn Littenseradiel

07 nov 2008 - 06:42

Fan in bestjoerskrisis is noch gjin sprake, mar der is opnij ûnrêst yn de polityk fan Littenseradiel. Nei Djip Read earder dizze wike, twifelt no ek de VVD oan de ferhâldings binnen it kolleezje.

Tongersdeitejûn wie der in spoeddebat yn de gemeenteried. De fraksje fan Djip Read woe dúdlikheid wêrom wethâlder Franke Doting noch hieltyd thússit. Hy soe siik wêze, mar sawol Djip Read as de VVD tinke dat der mear oan 'e hân is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)