Noch gjin bouwer Saailân

© Omrop Fryslân
It is noch hieltyd net bekend hokker bedriuw it nije Saailân yn Ljouwert realisearje sil. En dat wylst de bou al begjin takom jier út ein sette moat. Op it Saailân komt it nije Fries Museum, in nije parkeargaraazje, mear winkels en apparteminten.
De oanbesteging foar bedriuwen om yn te skriuwen rint noch in lytse moanne. Der hawwe har al bedriuwen ynskreaun, mar hokker dat binne, wol de gemeente Ljouwert noch net sizze.