Aris ferliest yn Den Helder

© Omrop Fryslân
Basketbalklub Aris hat tongersdeitejûn de útwedstryd tsjin Den Helder ferlern. De Ljouwerters gongen ûnderút mei 80-76. De hiele wedstryd gie it lyk op. Trije minuten foar de ein fan it lêste kwart wie de stân noch 70-70. Jayme Miller skoarde de measte punten foar Aris: 21.
Topskoarder Matt Bauscher waard mist. Hy wie fanwegen famyljeomstannichheden yn Amearika. Sneon, yn de wedstryd fan Aris tsjin Upstairs Weert, is Bauscher der wer by.