Havo-fjouwer krijt training

© Omrop Fryslân
De stap tusken fuortset ûnderwiis en HBO moat minder grut wurde. Dat fine skoalmienskip Liudger út Drachten en de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert. Se komme mei in proefprojekt, wêryn't havo-fjouwer learlingen feardichheden leare dy't se nedich ha as se in hbo-stúdzje folgje wolle.
Mear as 200 learlingen fan it Liudger krije in training, dy't as doel hat dat se aanst in stúdzje kieze dy't by har past. Se krije training op skoalle en geane op staazje by in bedriuw.