Utwreiding DE-fabryk De Jouwer

Mear fraach nei oploskofje
It Douwe Egberts-fabryk op De Jouwer moat de kommende jieren flink útwreidzje om de groeiende fraach nei oploskofje oan te kinnen. Ek is in soad ekstra fraach nei kofje foar yn de automaat.
Tusken no en 2010 wurdt dêrom goed 55 miljoen euro stutsen yn ekstra masines en nije gebouwen. Ek komme der tusken de 15 en 20 banen by. De ekstra fraach nei automatekofje is benammen te finen yn Nederlân en de rest fan Europa.