Premiêre Bond-film op Skier

De nije James Bond-film Quantum of Solace giet tongersdei yn premiêre, mar wie woansdeitenacht al te sjen op Skiermûntseach. Om eksakt sân minuten oer tolven, ofwol 007 koene de eilanners genietsje fan de yntusken 22ste Bond-film.
In bioskoopeigner fan Emmeloard gunde it eilân de premiere en hie de film foar ien dei útliend. De film waard woansdei mei de lêste boat nei it eilân brocht en gong tongersdei mei de earste boat wer werom.