Menaam wol minder iepen dagen

Lûdsoerlêst op iepen dagen
Menameradiel freget oft it net wat minder kin mei de iepen dagen fan de Ljouwerter fleanbasis. Ien kear yn de 5 jier fynt de gemeente mear as genôch. Trochdat der hieltyd minder militêre fleanfjilden binne en troch oare omstannichheden is it no sels oprûn nei ien kear yn de twa jier.
De iepen dagen soargje foar in soad oerlêst troch mear ferkear en troch oare fleantugen dy't mear leven ha. De gemeente hat dêr in brief oer skreaun oan de fêste keamerkommisje Definsje.