Tipjild moard Ida Klijnstra

It plak fan de moard yn De Blesse
Foar de tip dy't liedt ta it oplossen fan de moard op Ida Klijnstra komt 30.000 euro ekstra beskikber. It jild komt fan de famylje en is beskikber oant 1 jannewaris. Earder stelde it iepenbier ministearje al 20.000 euro beskikber.
Ida Klijnstra waard op 23 juny dea fûn yn har wenning yn De Blesse. Se wie om it libben kaam troch in misdriuw. De plysje hat yntusken 100 tips krigen oer har dea, dêr sieten ek tips út it kriminele sirkwy by.