Beammehôf yn Skoatterwâld

06 nov 2008 - 10:07

De nijbouwyk Skoatterwâld op It Hearrenfean beskikt fan takom sneon ôf oer in hôf mei âlde, benammen Fryske, fruitbeammen. It giet dan om fjirtjin appel- en parrebeammen.

It idee fan it hôf kaam ferline jier fan de takomstige bewenners fan de wyk. De Stichting Fruit yn Fryslân hat by de oanlis advisearre. Wethâlder Lykele Buwalda sil de earste beam plantsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)