Minder fraach nei kavels

© Omrop Fryslân
De fraach nei wenningboukavels nimt merkber ôf en dat soarget foar problemen. Mar de oplossing moat net socht wurde yn lytsere kavels of goedkeapere wenten. Dat seit wethâlder Lieuwe Miedema fan Frjentsjerteradiel. Syn advys is te wachtsjen op bettere tiden.
Dat jildt ek foar it nije wenplan Frjentsjer-Súd. Dat wie bedoeld foar 600 wenten, mar koartlyn waard dúdlik dat der mar 300 boud wurde meie fan de provinsje.