Steaten wol kontrôle útjeften

© Omrop Fryslân
In mearderheid yn Provinsjale Steaten wol dat mei de ynvestearrings yn de Fryske wettersportsektor hiel krekt omskreaune doelen helle wurde. De koalysjepartijen hâlde de finger wat steviger oan de pols. Deputearre Steaten moatte earst ûndersykje hoe't it no liket mei de wurkgelegenheid en it ekonomysk wolwêzen yn de wettersportsektor.
Oan de hân fan dy gegevens kin sjoen wurde of in nije slûs by Starum echt genôch ekonomysk rendemint opsmyt.