Wolvegea negeart autoferbod
Al sûnt tsien oktober meie der gjin auto's komme op de Van Harenstrjitte yn Wolvegea, mar in soad autoriders hâlde harren hjir net oan. Yn 'e earste wike fan 'e proef binne twa fan de fjouwer buorden fernield en stellen. Neffens de gemeente Weststellingwerf is it net frjemd dat minsken it boerd net sjogge, mar dat kin net langer sûnder straf.
No freed wurde nije buorden pleatst. Fan dan ôf sil de plysje stranger optrede.