Harns-Letlânline fertrage

© Omrop Fryslân
De plande frachtskip-ferbining tusken Harns en Letlân is bot fertrage. It plan wie dat der yn septimber foar it earst boaten nei Letlân farre soene, mar sa't it no liket wurdt dit pas ein novimber. De Harns-Letlânline is in skipslijn dêr't guod op ferfierd wurde moat foar de metropoal Moskou.
Yn Moskou wurdt in soad konsumearre, mar hast neat produseare. De fertraging hat ek foardielen. De hier fan 'e boaten mar ek de brânstofkosten binne de ôfrûne wiken flink sakke.