Middel:los mei Drachtsterfeart

Boargemaster Bert Middel
Der moat sa gau mooglik begûn wurde mei it útgraven fan 'e Drachtsterfeart. Boargemaster Middel fan Smellingerlân praat nije wike mei de Wind Groep om dat it bedriuw dúdlik te meitsjen. Middel sei dit woansdei tsjin de ried fan Smellingerlân.
It kolleezje is net bliid mei it útstel fan it projekt, mar giet der fan út dat it wurk gau begjinne kin. Middel koe noch neat sizze oer de finansjele gefolgen foar it útstel. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.