Jorritsma is bliid mei Obama

Barack Obama
Barack Obama sil as presidint fan Amerika foar wichtige feroarings yn de wrâld soargje. Dat tinkt kommissaris fan 'e Keninginne Jorritsma. Jorritsma is wiis mei de kar foar Obama. Dy sil neffens de kommissaris yn eigen lân foar ferbetterings soarchje yn de sûnenssoarch en it ûnderwiis.
Benammen minsken mei lege ynkommens sille dêr fan profitearje. Uteinlik sil dat liede ta in stabiler Amerika. Dat hat goeie gefolgen foar de ekonomy yn de hiele wrâld, tinkt Jorritsma.