Winkelpersoniel hâldt dief oan

© Omrop Fryslân
It personiel fan in winkel oan De Centrale yn Ljouwert hat tiisdei sels in dief oanhâlden neidat dy guod stellen hie. De meiwurkers seagen op de befeiligingskamera's dat in 34-jierrige man út Grins in mobile tillefoan yn syn tas stuts.
By de kassa rekkene hy oar guod wol ôf, mar de mobile tillefoan net. De meiwurkers hâlden him dêrop tsjin en hâlden him fêst oant de plysje kaam. Dy hat de man meinommen nei it plysjeburo.