Tryater-oersetster wint priis

Tryntsje van der Zee
Toanieloersetster Tryntsje van der Zee hat de Obe Postmapriis 2008 wûn. Van der Zee set al jierren bûtenlânske stikken oer foar Tryater en amateurselskippen, sa as it Burgumer Iepenloftspul.
Har Frysk is linich en geef, fynt de sjuery en it slagget har altiten om oersettingen wat eigens mei te jaan. Troch har oansprekkende taal hat se bydroegen oan it sukses fan Tryater de lêste jierren, mient de sjuery. De priis wurdt om de trije jier útrikt.