1500 Feanfans nei Wolfsburg

1500 Feanfans yn stadion Wolfsburg
By de wedstriid VFL Wolfsburg-Hearrenfean sille tongersdei 1500 supporters fan Sportklub Hearrenfean oanwêzich wêze. Hearrenfean spilet tongersdei om kertier foar achten yn Dútslân syn twadde wedstriid yn de pûlfaze foar de UEFA Cup.
In soad fans sille moarns mei bussen nei Wolfsburg en deselde jûns wer werom. De wedstriid fynt plak yn de Volkswagen Arena. De Sweed Jonas Eriksson is troch de UEFA oansteld as skiedsrjochter.