Kreatyf om wurk sykje

04 nov 2008 - 13:34

Minsken op in kreative wize wer stimulearje om yn kontakt te kommen mei de arbeidsmerk. Dat is it doel fan it projekt 'Nimmen oan 'e kant' fan de sosjale tsjinst NW-Fryslân. 50 minsken dy't al lang sûnder wurk sitte, wurkje no al in pear wike yn groepen om har kreative talinten op skerp te setten.

Guon dogge dat mei in workshop fotografy, oaren skriuwe teksten of meitsje klean. Tiisdei wie yn Dronryp in ynformaasjedei foar gemeenten dy't dizze oanpak ek foar eagen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)