Ferbou biste-opfang De Wissel

04 nov 2008 - 12:26
  • Hûnehokken wurde fernijd

Bisteopfang De Wissel yn Ljouwert sil wer ferbouwe. De opfang fan swalkbisten is driuwend ta oan nije hûnehokken. De hokken binne al fan 1957. Earder waarden de katteferliuwen en de kantoaren al oanpakt.

De nijbou duorret nij alle gedachten in healjier. Oant dy tiid kin De Wissel minder hûnen opfange. Swalkhûnen kinne in pear dagen yn Ljouwert terjochte. Is it bist dan noch net ophelle, dan wurdt it nei it asyl yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)