Harnzers moatte mear netwurkje

04 nov 2008 - 12:14

Undernimmers yn Harns kinne har omset fergrutsje en mear minsken oan it wurk helpe as se mear netwurkje. Tiisdei is dêrom yn Harns it Business network international (BNI). Bedoeling is dat ûndernimmers út Harns ien kear wyks in moarnsbrochje organisearje. De dielnimmers kinne inoar helpe by it finen en útfieren fan opdrachten.

It is de bedoeling dat se dan gebrûk meitsje fan minsken út de buert. Neist Harns wurde ynkoarten ek netwurken opset yn Ljouwert en Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)