Jong Cambuur ûnderút

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur is der moandeitejûn net yn slagge om út de degradaasjesône te kommen. Tsjin de beloften fan Telstar waard mei 3-1 ferlern. Yn it begjin wie Cambuur better en it waard dan ek 1-0 troch in doelpunt fan Anco Jansen. Al gau waard it gelyk. Telstar kaam yn de twadde helte op foarsprong.
Nei rom in oere spyljen moast Telstar fierder mei tsien man. Mar Cambuur wist hjir net fan te profitearjen. Telstar wist der sels noch 3-1 fan te meitsjen.