Man paad kwyt yn 't tsjuster

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Ternaard hat moandei oan it begjin fan de jûn op de seedyk by Wierum socht nei in man dy't it paad kwyt wie. De noch ûnbekende man wie bûtendyks oan it kuierjen en koe troch it donkere en wat mistige waar it paad net werom fine nei de seedyk.
De brânwacht hat dêrop felle ljochten op de seedyk pleatst en oan de hân fan dy ljochten koe de kuierder him wer oriïntearje.