Brân yn appartemintekompleks

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Drachten moast moandei oan 'e ein fan de middei yn aksje komme foar in keukenbrân yn in wente fan in appartemintekompleks oan de Michaelsberg yn Drachten. Yn earste ynstânsje waard in melding dien fan in koelkast dy't yn de brân stie.
Ut foarsoarch binne de oare bewenners fan it appartemintekompleks efkes evakuearre. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.