Skuorren yn Jouster toer

03 nov 2008 - 17:04

De Westermartoer op 'e Jouwer moat in nije fundearring ha, want it giet hieltyd mâlder mei de skuorren yn it gebou. De toer is fan 'e gemeente Skarsterlân. De gemeente hat no útsykje litten hoe't it kin dat dit âldste gebou fan 'e Jouwer sa hurd achterút giet.

De oarsaak is it lege grûnwetterpeil yn kombinaasje mei de grûn en it ûntbrekken fan in goeie fundearring. Dy soe der komme moatte, mar hoefolle dat kostet is noch net besifere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)