Sertifikaten leare en wurkje

03 nov 2008 - 15:59

34 entûsjaste jongeren dy't meidogge oan it projekt Jongeren Leren en Werken krigen moandei in sertifikaat yn it Cambuurstadion. Jongeren Leren en Werken is in projekt dat bedoeld is om jongeren mei in útkearing wer oan it wurk of nei skoalle ta te krijen.

Jongeren krije nammentlik net samar in útkearing en dêrom is it wichtich dat se net thús sitte. Yn it Cambuurstadion wiene moandei 34 jongeren dy't it slagge is om wol wer oan it wurk te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)