Ald wâldhúske ûnderstrûpt

Oan It Noard in Drachten is ôfrûne wykein in momumintaal wâldhúske folslein ûnder wetter rûn. De oarsaak is it stellen fan de koperen wetterlieding út it hûs. Eigner Kijlstra krige in melding dat de tún ûnder wetter stie en dat de sleat om it hûs folrûn wie.
Doe die bliken dat yn it hûs ek alles ûnder wetter stie. It húske stiet leech en sil opknapt wurde. Al earder waard der ynbrutsen yn it húske. Dêrby waard in antike kachel stellen.