Beslút suvelfúzje wer útsteld

Eurokommissaris Neelie Kroes
De Europeeske Kommisje hat it beslút oer de foarnommen fúzje tusken de twa grutte suvelbedriuwen Friesland Foods en Campina opnij útsteld mei trije wike. De deadline foar it beslút om al as net tastimming te jaan foar de fúzje leit no op 23 desimber.
Eurokommissaris Neelie Kroes fan Mededinging is yn juny begûn mei in ûndersyk nei de gefolgen fan 'e fúzje. Neffens har bestiet der in reëel gefaar dat de fúzje liede sil ta hegere prizen foar molke en tsiis.