Rampoefening op seedyk Bilt

© Omrop Fryslân
Op de seedyk by Nijebiltsyl oefenje militêren moandei dat de dyk op ferskate plakken trochbrekt troch in ferskriklike stoarm. Op de gemeentehuzen oefenje boargemasters, plysjeminsken, wetterskipsmeiwurkers en amtners hoe't sy dan hannelje moatte. Sa wurdt besjoen oft Fryske helpferlieners klear binne foar in oerstreaming.
In stoarm as dêr't no op oefene wurdt soe ien kear yn de 4000 jier foarkomme kinne.