Stroboskertrekwei no oanpakt

03 nov 2008 - 11:28
  • Stroboskertrekwei  (boarne: Google maps)

By De Triemen is moandei begûn mei it wurk oan de Stroboskertrekwei. De dyk tusken Kollum en Dokkum is net feilich en wurdt dêrom oanpakt. De snelheid giet omleech fan 80 nei 60 kilometer yn 'e oere. Ek wurdt de dyk ynrjochte neffens it Shared Space prinsipe.

Hjirby moatte automobilisten sels it ferkear regelje, sûnder help fan ferkearsbuorden en stopljochten. De dyk lâns it kanaal is fan moandei ôf njoggen moanne lang ôfsletten foar alle ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)