FJO nei finale konkoers

De strikers fan it FJO yn aksje
It Frysk Jeugdorkest hat him pleatst foar de finale fan it Nationaal Concours foar Jeugdsymfony-orkesten. It Frysk Jeugdorkest wûn dit wykein de regionale foarronde yn Stienwyk. Dêr diene fjouwer orkesten oan mei.
Mei de oerwinning hat it jeugdorkest in bedrach fan 2250 euro binnen helle. Mocht de lanlike finale wûn wurde dan bestiet de priis út in bedrach fan 15.000 euro. Dy finale wurdt begjin takom jier hâlden.