Ferwûne troch fal mei fyts

03 nov 2008 - 10:24

In stel yn Grou is sneontemiddei ferwûne rekke doe't se mei de wykeinboadskippen en de fyts oer de weareld giene. De 28-jierrige Grouster hie de boadskippen oan it stjoer hingjen en soe mei de frou fan 21 út de Wylgen op de stange fuortfytse.

De frou krige de foet tusken de speaken en foel hurd op de dyk. De man foel ek, dêrby rekke syn earm út de kom. Beide bin mei de ambulânse nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)