Minder starters op startersdei

Twa jonge starters(foto Sjoerd Weiland)
Op de startersdei fan de Keamer fan Keaphannel binne yn Ljouwert sa'n 900 begjinnende ûndernimmers ôfkommen. De startersdei waard tagelyk ek yn Grins en Hoogeveen organisearre. It tal besikers wie leger as yn 2007. Dat komt mooglik troch de finansjele krisis, tinkt de organisaasje.
Op de startersdei waarden workshops hâlden oer wat der krekt nedich is om in eigen bedriuw te begjinnen. Dizze workshop waard sneon yn Ljouwert wol tolve kear hâlden.