Pleechsoarchbus troch Fryslân

02 nov 2008 - 17:21

Jeugdhulp Fryslân giet fan dizze wike ôf mei in spesjale bus troch de provinsje op syk nei pleechfamyljes.

It is dizze wike de wike fan de jeugdsoarch en dat is oanlieding om mei de pleechsoarchbus by basiskoallen del te gean. Dêryn wurdt ynformaasje jûn oer pleechsoarch. Op it stuit binne der yn Fryslân 425 plakken foar pleechsoarch en meikoarten komme der nochris 25 by. Jeugdhulp Fryslân kin de ekstra pleechfamyljes goed brûke, sadat der in kar mooglik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)