Sven Kramer wint 10.000 meter

02 nov 2008 - 17:04

Sven Kramer hat snein op de 10.000 meter syn tredde titel pakt op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen op It Hearrenfean. Hy kaam oer de einstreek yn in tiid fan 13.09,84.

Carl Verheijen waard twadde yn 13.13,88. It brûns gong nei de Olympysk kampioen Bob de Jong. Dit trio pleatste him foar de wrâldbekerwedstriden yn Moskou. Earder pakte Kramer al goud op de 1500 en 3000 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)