De Jouwer wint mei 4-1

02 nov 2008 - 16:16
  • Oane Hornstra (foto Martin de Jong)

Haadklasser De Jouwer wûn snein op it eigen fjild mei 4-1 fan koprinner HSC '21 út Haaksbergen. Dat wie in geweldige ferrassing. Binnen acht sekonden stie De Jouwer al foar mei 1-0 troch in doelpunt fan Oane Hornstra. Deselde Hornstra makke noch twa doelpunten. Nico de Jong skoarde ien kear. Troch in eigen doelpunt fan Sjoerd Jellema waard de einstân 4-1.

Snits Wyt Swart spile yn Groesbeek 0-0 tsjin Achilles '29. De ploech krige wol kânsen, mar wist net te skoaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)