Otters ferspriede har rap

It soe otterûndersiker Dennis Lammertsma fan Wageningen Universiteit neat fernuverje at der no al ien of mear otter omhingje yn natuergebiet De Alde Feanen by Earnewâld.
Lammertsma seit dat nei oanlieding fan de fynst fan in deade otter út de Weerribben by Doesburg. Dit wyfke hie koartlyn ek noch jongen op de wrâld brocht. Boppedat ha der ek waarnimmings west fanút de Biesbosch. Dat betsjut dat otters har rapper ferspriede as tocht.