Marrit Leenstra 3e op 1500 m.

Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)
Marrit Leenstra en Elma de Vries ha har snein yn Thialf pleatst foar de 1500 meter op de earste searje wrâldbekerwedstriden. Marrit Leenstra waard tred op dizze ôfstân yn in tiid fan 1.59,43. Elma de Vries waard fjirde mei 1.59,61.
Paulien van Deutekom wûn de ôfstân. Sy sette in tiid del fan 1.58,16. Van Deutekom wie sneon ek de bêste op de kilometer. Ireen Wüst waard twadde op de 1500 meter.