Sven Kramer wint 1500 meter

02 nov 2008 - 14:32

Sven Kramer hat snein by de NK ôfstannen yn Thialf de 1500 meter wûn. De wrâldkampioen bleau troch in hiele rappe lêste ronde Mark Tuitert en Simon Kuipers foar.

Kramer hie foar de lêste ronde mar 27,9 sekonden nedich en kaam nei 1.45,81 oer de einstreek. Tuitert waard mei in tiid fan 1.46,06 twadde. Kuipers hie 1.46,35 nedich en waard tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)