Undersyk krúk smyt neat op

02 nov 2008 - 14:10

It ûndersyk nei de mysterieuze krúk dy't ferline jier fûn waard yn de tsjerke fan Nijlân hat eins neat opsmiten. Ek de Rykstsjinst foar argeology, kultuerlânskip en monuminten koe der net achter komme wêr't de krúk no eins foar wie.

De krúk siet ynmetsele achter it oargel en kaam oan it ljocht by restauraasjewurk. Hast in jier lang hat er by de Rykstsjinst west. Yn de krúk ha se ûnder oare de oerbliuwsels fûn fan in grut tal mûzen en flearmûzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)