Mediateken ferfange bibliobus

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân is goed 100.000 euro kwyt foar it ynrjochtsjen fan mediateken yn skoallen. Dy mediateken moatte de bibliobussen yn Eastersee, Ychtenbrêge en Bantegea ferfange.
It kontrakt mei de bibliobussen rint op 1 jannewaris ôf. De sinten binne ûnder oare foar it oanskaffen fan boeken, mar ek foar nije kasten dêr't de boeken ynstean moatte. It ferfangen fan de bibliobussen is neffens de gemeente gjin besuniging. Op 13 novimber praat de gemeenteried der oer.