Nije dramarige 'Bit' op tv

De nije dramarige 'Bit' set takom freed út ein by Omrop Fryslân mei in 'Making of' fan de searje. Yn dizze kompilaasje sitte neist de hichtepunten út de searje ek nea earder fertoande bloopers.
Fierder binne der ynterviews mei haadrolspilers Wieke Wiersma, Matteo van der Grijn, Joop Wittermans, Wim van der Grijn en regisseur Steven de Jong. De premjêre fan Bit is tongersdei op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert.