Hearrenfean gelyk tsjin AZ

02 nov 2008 - 00:19

SC Hearrenfean hat op 'e falreep in punt oerhâlden oan it treffen mei AZ. Trener Trond Sollied hie ferrassend in basisplak foar Pawel Wojciechowski. De Poalske A-junior skoarde yn de 12e minút de 1-0.

AZ kaam yn de twadde helte op foarsprong troch doelpunten fan El Hamdaoui en Holman. Henrique soarge foar de lykmakker, mar troch in flater fan Steppe kaam AZ fia Pocognoli opnij op foarsprong. It slotakkoard kaam úteinlik fan Paulo Henrique: 3-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)