Aris pakt fjirde oerwinning

© Omrop Fryslân
Basketbalklub Aris Friesland is dwaande mei in knappe rige. De Ljouwerters wûnen de fjirde wedstriid efterinoar. No waard Landstede Zwolle mei 100-79 ferslein.
Nei de earste perioade stie Aris noch mei 29-24 efter. By rêst wie it noch lyk, mar dêrnei giene de Ljouwerters der op en der oer. Matt Bauscher wie wer de grutte man mei 27 punten. Blackwood en Van der Kamp skoarden 19 kear. Aris hat no acht punten út acht wedstriden en stiet no sânde.